Springe nei ynhâld

Swarte swan

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Swarte Swan)
swarte swan
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai swannen (Cygnus)
soarte
Cygnus atratus
Latham, 1790
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De swarte swan (Cygnus atratus) is ien fan de 7 swannesoarten út de famylje fan de Anatidae, dêr't ek de guozzen en einen ta hearre.

De fûgel komt foar yn Austraalje en sûnt koart is er ek wer mei sukses yntrodusearre yn Nij-Seelân, dêr't in ûndersoart, de Nij-Seelânske swan troch de jacht útstoarn wie. Op oare kontininten wurdt de Swarte swan faak hâlden as parkfûgel. Untkommen eksimplaren hawwe der foar soarge dat der ek yn Europa en Amearika hjir en dêr lytse populaasjes ûntstien binne, dy't har yn mylde klimaten goed hanthavenje.

Cygnus atratus

In folwoeksen eksimplaar fan de Swarte swan kin oant sa'n 9 kilo swier wurde. Behalve it folslein swarte fearrekleed mei brúneftige aksinten, falt de fel reade snaffel mei in wyt puntsje op. De poaten binne griis.

Swarte swannen binne honkfêst en bouwe har libben lang oan it selde nêst yn ûndjip wetter. It kinne dan ek mânske bouwurken wurde. De jongen binne ynearsten brúneftich griis.