Springe nei ynhâld

Svetlana Allilûjeva

Ut Wikipedy
Jozef Stalin mei syn dochter Svetlana yn 1935.

Svetlana Iosifovna Allilûjeva (Russysk: Светла́на Ио́сифовна Аллилу́ева, Georgysk: სვეტლანა ალილუევა), soms ek wol Stalina of Lana Peters neamd (Moskou, 28 febrewaris 1926 - Richland Center, Wisconsin, 22 novimber 2011), wie it jongste bern en de ienige dochter fan Jozef Stalin. Hja wie skriuwster en krige op lettere jierren de Amerikaanske nasjonaliteit. Har ferhuzing nei de Feriene Steaten yn 1967 soarge foar in soad ynternasjonale argewaasje.[1][2]

Yn 1982 ferhuze se mei har dochter nei Cambridge yn Ingelân. Yn 1984 gie se werom nei de Sovjet-Uny, dêr't se elk in ferbliuwsfergunning krigen en harren nei wenjen setten yn Tbilisi. Yn 1986 gie Allilûjeva werom nei de Feriene Steaten. Healwei de jierren 90 ferhuze se wer nei Ingelân, nei de stêd Bristol.

Op 22 novimber 2011 ferstoar se yn de âldens fan 85 jier oan termkanker.

  • Twenty Letters To A Friend - (Autobiografy) It earst publisearre yn 1967 troch Hutchinson (Londen) en oerset fan it Russysk nei it Ingelsk troch Priscilla Johnson.
  • Oerset troch Paul Chavchavadze, Only One Year, Harper & Row (1969), hurdkaft, 444 siden, ISBN 0-06-010102-4
  • Faraway Music (1984, India, 1992, Moskou)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Land of Opportunity", TIME May 26, 1967.
  2. Dochter van Stalin in VS overleden, Nu.nl, 28 novimber 2011