Springe nei ynhâld

Suze Broks

Ut Wikipedy
Suze Broks
akteur
Suze Broks yn 1994
Suze Broks yn 1994
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 10 augustus 1942
berteplak Amsterdam
stoarn 26 maaie 2017
stjerplak Amsterdam
jierren aktyf 1959-2002
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Suze Broks (Amsterdam, 10 augustus 1942 - dêre, 26 maaie 2017) wie in Nederlânske balletdûnseresse en aktrise.

Op har achtste (1950) gie Broks al op in klassike balletoplieding en makke se tagelyk har debút by it Scapino Ballet. As balletdûnseresse wie se yn de sechtiger jierren te sjen yn telefyzjeshows, lykas de Rudi Carrell Show. In tal jierren letter begûn se mei aktearjen. Yn 1973 wie har filmdebút yn Turks fruit, nei de roman fan Jan Wolkers.
It telefyzjepublyk kaam mei har yn de kunde yn de jierren njoggentich mei de rollen fan Maartje van Doorn yn de komeedzjerige Oppassen!!! en fan Guusje van de Wetering yn de dramasearje Vrouwenvleugel.[1]

Broks stoar nei in lang siikbêd yn de âldens fan 74 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. List fan teäterstikken mei Suze Broks