Springe nei ynhâld

Suzanne (bibelsk persoan)

Ut Wikipedy
Suzanne
De twa âldsten komme Suzanne benei(Francisco Maura y Montaner, Museo del Prado)
De twa âldsten komme Suzanne benei
(Francisco Maura y Montaner, Museo del Prado)
Persoanlike gegevens
oarsprong nammeHebriuwsk: שׁוֹשַׁנָּה (Šôšannāh, leelje)
folkJoadsk
Famylje
heitChelkias
memnet neamd
partner(s)Joakim (joadske man yn Babel)
Bibelske rol
rolslachtoffer fan falske beskuldigingen
perioadeBallingskip yn Babel
bekend fanit ferhaal fan Suzanne en de âldsten; har rjochtfeardiging troch Daniël
neamd ynDaniël 13 (Susanna)
religieuze tradysjekristendom (katolyk en otterdoks)

Suzanne (Hebriuwsk foar "leelje") is de haadpersoan út in apokryf diel fan it bibelboek Daniël, spesifyk it ferhaal Suzanne.

Suzanne libbe yn 'de tiid fan 'e Babyloanyske Ballingskip yn 'e tiid fan 'e profeet Daniël en wie troud mei Joakim, in ryk en foaroansteand man. Hja hiene in grut hûs, dêr't ek rjochtsprutsen waard, dat yn in grut park lei, dêr't de joaden graach by inoar komme mochten. Doe't op in dei Suzanne graach baaie woe en hja har tsjinstfammen frege de poarte fan it park te sluten en oalje en balsem op te heljen, bleaune der twa âldere manlju efter yn it park om har te bestrunen. Dêr bleau it net by en hja hiene it plan makke om har te sjantearjen. Wylst hja dêr mei harren trijën wienen, easken hja seks mei Suzanne en as Suzanne net reewillich meiwurkje woe, dan soene de twa âldsten oaren it ferhaal fertelle dat hja har lizzend mei in jongfeint oer it mad kommen wiene.

Tajaan oan 'e sjantaazje betsjutte troubrek oan har man en as hja wegere soe dat de deastraf bestjutte. Suzanne wie lykwols in fromme frou en hja wie net benaud foar de dea. Dan joech hja har leaver ûnskuldich oer as te sûndigjen foar God. De âldsten begûnen nei har wegering fuort mei de rabberij en it ferhaal oer de streek te bringen dat hja Suzanne ûnder in beam betrape hiene mei in jongkeardel, wylst hja mienskip hiene. Hja seinen dêrby dat de jongkeardel harren oermânsk wie en útpykte. It wurd fan 'e twa âldsten wie by de rjochtsaak foldwaande om Suzanne te feroardieljen ta de straf dy't op troubrek stie: de deastraf troch stienniging.

Har feroardieling wie al in feit, doe't Daniël frege om it proses op 'e nij te iepenjen om 't er noch wat fragen hie foar de oanklagers. En sa waarden de twa âldsten apart fan inoar ûnderfrege troch Daniël. Op Daniël's fraach ûnder wat foar beam hja Suzanne betrape hiene, fantasearre de iene dat it de mastykbeam west hie en de oar liigde dat it in ikebeam wie. Om't de ferskillende antwurden fan 'e âldsten dúdlik wiisden op in falske beskuldiging, waard Suzanne frijsprutsen fan 'e oanklachten.

It ôflizzen fan in falske tsjûgenis kaam de âldsten djoer te stean en neffens de Wet fan Moazes krigen hja deselde straf dy't hja Suzanne oanwriuwe woene: beide waarden om it libben brocht troch stienniging.

Suzanne fan Babylon (ek "Suzanne de Keine"; net te betiizgjen mei Suzanne fan Rome) wurdt as in hillige fereare en har feestdei is op 19 desimber.

Suzanne yn de keunst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferhaal wie in populêr tema yn 'e byldzjende keunst. Grutte skilders lykas Van Dijck, Tintoretto en Rembrandt lieten harren troch it ferhaal ynspirearje foar it meitsjen fan in skilderij.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: