Springe nei ynhâld

Suderheide (Laren)

Ut Wikipedy
Suderheide, mei sânferstowing

De Suderheide is in heidegebiet tusken Laren en Hilfertsom. It gebiet rint fan it Sint Janstsjerkhôf rjochting de Iemfallei. It gebiet is archeologysk en geologysk fan belang. De Suderheide is yn behear by it Goais Natoerreservaat.

De Sân Berchjes is de namme fan de grêfheuvels fan ûngefear fjouwertûzen jier ferlyn. De grêfheuvels lizze tusken de Suderheide en de oangrinzjende Westerheide.

Yn it súdlike diel fan de Suderheide lizze in tal heidefennen dy't eartiids brûkt waarden om de doe oanwêzige skiepkuddes te waskjen, fandêr de namme 'Laarder Wasmeer'. Dêr grinzet de heide ek oan Anna's Hoeve, in wurkgelegenheidsprojekt út de tritiger jierren, yn it gebiet fan de gemeente Hilfertsom.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]