Suderbegraafplak (Grins)
It Suderbegraafplaats yn de stêd Grins waard yn 1827, tagelyk mei it Noarderbegraafplak, yn gebrûk naam. Yn 1826 wie yn Grins in epidemy útbrutsen, dy't 2900 minsken it libben koste. De besteande begraafplakken rekken sadwaande fol. Op advys fan de Grinzer heechlearaar Theodorus fan Swinderen waarden bûten de poarten fan de fêstingstêd Grins oan de noard- en de súdkant twa nije romme begraafplakken oanlein. Beide hiene streekrjochte haadleanen mei heaks dêrop rjochte sydpaden.
It begraafplak waard op hege sângrûn, part fan de Hûnsrich, oanlein. De sângrûn garandearre it fluch fergean fan de liken.
De hôven binne sober ynrjochte, hiel oars as bygelyks Père-Lachaise of de lettere Viktoriaanske tsjerkhôven. Dat paste better by de measte Grinslanners, dy't net fan pracht en preal holden. It ienige grutte grêfmonumint is dat fan de rike famylje fan W.A. Scholten. De stekken en it tsjinstgebou binne sober útfierd en de beplanting, in tal treurwylgen en bûkebeammen, is beheind holden.
It tsjerkhôf waard yn in stannemaatskippij yn gebrûk naam. Der is dêrom ek in "Eerste Klasse Eerste Rij" dêr't fral ealju kamen te lizzen.
It sintraal sette natuerstiennen toerfoarmige grêfmonumint fan de famylje Scholten, mei dêrûnder in grutte grêfkelder falt fan fierens op en beslacht 27 grêven. De bouhear, de yndustrieel Scholten woe it noch grutten hawwe, mar de 45 (guon boarnen hawwe it oer sels 55) plakken, dy't er by de bou yn 1882 yn 't sin hie, woe it gemeentebestjoer neat fan witte[1]. It grêf is in ryksmonumint, lykas ek de opsichterswent by de yngong.
Dêr beïerdige
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yndustriëel Willem Albert Scholten
- Yndustriëel Jan Evert Scholten
- Stedsargivaris jonkhear Johan Adriaan Feith
- Dokter en roeier Dick Hamming
- Dûmny Hendrik de Cock
- Majoar Lodewijk Thomson
- Kommissaris fan de Kening Gustaaf baron van Imhoff
- Keunstskilder Gerrit van Houten
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |