Stylus

Ut Wikipedy
4 Foarbylden fan midskiuwske styli of skriuwstiften. Twa grutte skriuwstiften fan izer, in lytsere messing stylus en de lytse stylus is fan bien makke.
Foarbyld fan in Romeinsk waakstaffeltsje.

In stylus (Latyn foar griffel is in puntfoarmige skriuwstift, makke om te skriuwen op in waakstaffeltsje of om groeden yn klaai te meitsjen. Mei it platmakke útein koe de tekst wiske wurde troch de waaks (nei dy justjes te ferwaarmjen) glêd te striken, dêrmei wie it in ideaal helpmiddel om letters skriuwen te learen. Yn opgravings binne Romeinske en midsiuwske eksimplaren fûn dy’t fan bien, brûns en izer makke wiene. Yn Mesopotamië, it âlde Egypte of yn de Minoyske beskaving waarden ek styli makke fan reid. Yn de Lege Lannen waarden skriuwstiften oan yn de lette Midsiuwen in soad brûkt. Skriuwstiften binne yn de rin fan de 15e iuw út it deistich libben ferdwûn en ferfongen troch in griffel en laai as skriuwplankje en troch it massaal en goedkeaper produsearjen fan papier mei de opkomst fan wetterdreaune papiermûnen.

Modern gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskate moderne apparatuer makket gebrûkt fan in plestik of metalen stylus om in beroerskerm te betsjinjen, benammen by pda's, mobyltsjes of tablets. It hat in ferlykbere funksje as in kompjûtermûs, wêrby’t de mûsklik ferfongen wurdt troch in tikje tsjin it skerm. Ek klik- en sleepaksjes kinne mei in stylus dien wurde. De measte pda’s ha in spesjale greppel dêr’t de stylus yn bewarre wurde kin.

In stylus wurdt ek brûkt foar it betsjinjen fan in grafysk tablo of tablet-pc. In stylus foar in pda kin meast net útwiksee mei dy fan in tablet-pc om’t de brûkte technyk oars is. By in pda bart de registraasje troch oanreitsjen fan in drukgefoelich skerm, in klik soe ek oproppen wurde kinne mei in gewoane pinne (ôf te rieden om’t it skerm skansearre wurde kinne soe) of troch in finger (net praktysk om’t de finger grutter is as de measte knoppen en sadwaande neet sekuer). By in tablet-pc is de pinne foarsjoen fan elektroanika, wat it gehiel dus djoerder makket.

Foarbylden fan moderne styli. (Fan lofts nei rjochts: PalmPilot Professional, Fossil Wrist PDA, Nokia 770, Audiovox XV6600, HP Jornada 520, Sharp Zaurus 5500, Fujitsu Lifebook P-1032)

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Styli wurde faak de 3 ferkocht, net it stik.
  • By tablet-pc's is inkeld as opsje in spesjaal toutsje, tether, te krijen om weitôgjen foar te kommen.
  • De Nintendo DS en 3DS searjes fan Nintendo brûke ek in stylus.