Sturtklok
Appearance
In sturtklok is in slingerklok dy't benammen yn de 19e iuw yn Fryslân makke waard. De klok krige syn namme troch de lange kast dêr't de slinger yn oanbrocht is. Typysk foar de sturtklok is de beskildere wizerplaat. Fierder hawwe sturtklokken faak boppe-op de kast in Atlasfiguer stean en twa ingeltsjes.
Op lytse skaal wurdt de sturtklok yn Fryslân noch altyd ambachtlik makke. Foaral op De Jouwer sitte noch ferskate klokmakkerijen.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- W.F.J. Hana - Friese klokken (vormgeving en techniek) Utjefte fan C.A.J. van Dishoeck Bussum, 1964