Strjitte fan Jekaterina
Appearance
Strjitte fan Jekaterina | ||
geografy | ||
type wetter | seestrjitte | |
lokaasje | tusken Kunashir en Iturup | |
lân | Japan Ruslân | |
koördinaten | 44°26′ N, 146°43′ E | |
ûnderdiel fan | See fan Ochotsk / Stille Oseaan | |
sifers | ||
maks. breedte | 22 km | |
djiptegemiddelde | 150 m | |
djipste punt | 500 m | |
kaart | ||
De lokaasje fan 'e Strjitte fan Jekaterina by Japan.
|
De Strjitte fan Jekaterina (Russysk: Екатерины пролив; Jekateriny proliv) is in seestrjitte yn 'e Koerilen, tusken de troch Ruslân bestjoerde en troch Japan opeaske eilannen Kunashir (yn it suden) en Iturup (yn it noarden). It is ien fan de ferbiningen tusken de See fan Ochotsk en de Grutte Oseaan yn it oosten. Fan febrewaris oant maart is der in protte driuwiis dat út it noardlik part fan de See fan Ochotsk komt.
De strjitte is neamd nei it Russyske skip Jekaterina, dat yn 1792 op hannelsmissy nei Japan gie ûnder lieding fan de Finsk-Sweedske ofsier Adam Laksman (1766–1806?).