Springe nei ynhâld

Adam Laksman

Ut Wikipedy
Adam Laksman
militêr
Adam Laksman troch in anonime Japanske keunstner
Adam Laksman troch in anonime Japanske keunstner
persoanlike bysûnderheden
namme folút Adam Kirillovitsj (Eriksoan) Laxman
nasjonaliteit Sweedsk
berne 1766
stoarn 1806?
wurkpaad
yn tsjinst fan Ruslân
heechste rang Luitenant
oar wurk Untdekkingsreizger
off. webside gjin

Adam Kirillovitsj (Erikovitsj) Laxman (Russysk: Адам Кириллович (Эрикович) Лаксман) (1766 – 1806?) wie in Sweedsktalich Finlânsk militêr ofsier en ien fan de earste Russen dy't Japan besochten. As luitenant fan it Keizerlik Russysk leger krige er de opdracht om yn 1791 in ekspedysje nei Japan te lieden mei it doel om twa Japanske skipbreklingen te ruiljen foar hannelsoerienkomsten mei it Tokugawa-sjogunaat. Hy wie in soan fan Erik Laksman (1737-1796).

Ekspedysje nei Japan (1792)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Daikokuya Kōdayū (大黒屋光太夫) en Isokichi (磯吉): de Japanske skipbreklingen dy't Adam Laxman yn 1792 werobrocht

Laxman lâne op Hokkaido yn oktober 1792 en moete dêr leden fan de Matsumae-clan, dy't belêstige wiene mei de ferdigening fan Japan syn noardlike grinzen. Oars as eardere bûtenlanners waard Laksman gastfrij ûntfongen. Dat feroare lykwols doe't er easke om de skipbreklingen persoanlik nei Edo (it Tokyo fan no) te bringen wat troch de Japanners as ûnfatsoenlik beskôge waard. Troepen út Edo stjoerd troch hege riedshear Matsudaira Sadanobu besochten Laxmans reis djipper Japan yn foar te kommen of te fertraagjen. Sy fregen him om oer it lân nei de stêd Matsumae, dat sûnder syn skip. Laxman wegere en krige lang om tastimming om ûnder marine-eskorte nei de haven fan Hakodate te silen; 450 Russen en Japanners rûne dêrwei nei it kastiel Matsumae.

Frjemd genôch krige Laxman en dy, nettsjinsteande syn skamteleazens, wielderige wenten yn westerske styl; hja mochten de gewoante om te knibbeljen en te bûgen foar de gesanten fan de Shogun gewurde litte, en krigen trije samoeraiswurden en hûndert sekken rys. De gesanten leine him doe út dat de Japanske wet foarskreau dat alle bûtenlanners allinne yn Nagasaky hannelje mochten. Mei't er kommen wie om skipbrekelingen werom te bringen, leine se út, soe er freedsum fuortgean meie. Doe 't Laxman wegere om fuort te gean sûnder in hannelsoerienkomst, krige er papieren yn hannen dêr't útdruklik yn stie dat Nagasaky ien Russysk skip ferwolkomje soe, dat bûtenlânske skippen nearne oars yn it lân lizze mochten en dat ek it kristendom nearne yn Japan tolerearre wurde soe.[1]

Laxman gie feitlik mei lege hannen werom nei Ruslân, mar heechst wierskynlik wol mei de earste offisjele Japanske dokuminten dy't tastimming joegen om te hanneljen mei in lân oars as Sina of Nederlân (op Desjima).[2]
Yn 1804 -1805, njoggen jier nei it weromkommen fan Laxman nei Ruslân, waard besocht om yn Nagasaki hannel te driuwen as ûnderdiel fan de ekspedysje om de wrâld hinne ûnder lieding fan Adam Johann von Krusenstern, mar de Russyske ambassadeur Nikolai Rezanov waard begroete mei in lang skriuwen fan it Shogunaat dêr't yn útlein waard dat Japan sletten wie foar bûtenlânske hannel en dêr't yn easke waard dat se ôfreizgje soene. Nei dat fikse fiasko debattearre it tsaristyske regear gâns jierren oer de werklike bedoeling en betsjutting fan de dokuminten en liet de iepening fan Japan úteinlik oer oan partikuliere ûntdekkingsreizgers.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. A. A. Preobrazhensky, “Pervoe Russkoe Posolstvo v Iaponiiu” ('De earste Russyske missy nei Japan'), Istoricheskii Arkhiv, vol. 7, no. 4, 1961, s. 115–148.
  2. George Alexander Lensen, “Early Russo-Japanese Relations”, The Far Eastern Quarterly, vol. 10, no. 1, November 1950, pp. 2–37, n.b. s. 17–22.