Springe nei ynhâld

Stove

Ut Wikipedy
Stove

In stove is in foarwerp om eat waarm te hâlden. It is gjin kachel, gjin ûne en gjin fornús, mar kin der wol as in soarte kachel útsjen. In stove komt tsjintwurdich net mear foar, yn de sechtiger jierren wienen der ek elektryske stoven, mar mei de sintrale ferwaarming binne de stoven ferdwûn. In stove is meast plat oan de boppekant, sadat der ek pannen mei iten opsetten wurde kinne.

In fuotstoof bestiet út in houten kistke, dat oan ien kant iepen is, mei gatten oan de boppekant. Yn de stove waard in têst (kom)têst fan ierdewurk setten dêr't gleonhjitte houtskoalen yn lein waarden. De fuotten waarden op de stove setten sadat dy waarm bleaunen. Troch in tekken, in jas of in jurk oer de skonken en stove te dwaan, bleaun dy lang waarm en waarden ek de ûnderfuotten ferwaarme. Sneins waarden ek wol tsjerkestoven brûkt.

Yn de skiekunde wurde ek elektryske drûchstoven' brûkt, bygelyks om in stof te drûgjen om sadwaande wetterfrije suvere stof te krijen.

In kieke. Stove mei têst út Noard-Dútslân
Fuotstove

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: