Springe nei ynhâld

Store Norske Spitsbergen Kulkompani

Ut Wikipedy
It haadkantoar fan SNSK yn Longyearbyen

Store Norske Spitsbergen Kulkompani (SNSK), of yn 't koart Store Norske, is in Noarsk stienkoalmynboubedriuw op Spitsbergen. It bedriuw ûntstie yn 1916, nei de Noarske oername fan de Amerikaanske Arctic Coal Company (ACC) fan John Munroe Longyear.

De ûndernimming hat 360 minsken yn it wurk en ekploitearret twa stienkoalminen. De grutste myn is dy yn Sveagruva, sa'n 60 km besuden Longyearbyen. De Svea Nord-myn produsearret alle jierren 2 oant 3 miljoen ton bitumenstienkoal. In tredde part dêrfan wurdt brûkt foar metallurgyske doelen. Der wurdt rûsd dat op dat plak sa'n 72,5 miljoen ton stienkoal sit; 32 miljoen ton soe de winning fan kommersjeel útkinne, sadwaande soe de myn noch likernôch 25 jier yn it wurk bliuwe kinne.

Direkteur fan de Store Norske Spitsbergen Kulkompani is Per Andersson.

Eardere direkteuren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]