Stoarmfloed
- Dizze side giet oer Stoarmfloed. Foar wettersneed en oerstreaming, sjoch: Oerstreaming.
In stoarmfloed is it opdriuwen fan seewetter troch stoarmwyn. Der is sprake fan in stoarmfloed as in floed de saneamde grinspeil berikt hat of der oer hinne gien is. De hichte fan in grinspeil wurdt fêststeld troch de frekwinsje fan it trochsneed ienris de twa jier.[1]
Oarsaak
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hege wynfaasje troch in stoarm kinne it seewetter heger opdriuwe as normaal it gefal is. De legedruk yn de kearn fan d estoarmdepresje of tropyske sykloan kin it effekt fersterkje. As de stoarmfloed by de kust oankomt, kin er noch sterker wurde, om't de see ûndjipper wurdt, lykas by in tsûnamy it gefal is, alhoewol't it effekt dêrby folle sterker is, om't by in tsûnamy al it wetter fan it seeoerflak oant de boaiem bewege wurdt, wylst by stoarmen allinnich de boppeste lagen fan de see bewege wurdt.
De wetterstân by in stoarmfloed hinget ôf fan de tij en de wyneffekt.
As de stoarmfloed de kust berikt, kin dat in gefaar betsjutte, dêr't troch dykynbrekken oerstreamings by ûntsteane. In grutter gefaar foarmet er wannear't er gearfalt mei de floed, benammen de springfloed, dat it gefal wie mei de wettersneed fan 1953 yn Seelân. Yn de midsiuwen laten stoarmloeden ta it feroarjen fan de Noardseekustlinen en ûntstiene der grutte see-ynhammen lykas de Sudersee, de Doalert en de Jadeboezem.
Stoarmfloeden komme oan de Fryske kust benammen foar yn it iere foarjier of yn 'e hjerst. Oan de Noardsee wurdt de Dútske Bocht ornaris it hurdst troffen, dat troch it trjochtereffekt fan de Elbemûning feroarsake wurdt.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen, sjoch de:sturmflut |