Stjerreskâns (Bakkefean)
De Stjerreskâns is in seishoekige skâns yn Bakkefean dy't nei alle gedachten yn de 18e iuw oanlein is. De seishoekige Stjerreskâns leit deunby it asfaltearre fytspaad tusken de Duerswâldmerwei en de Beakendyk op hast in kilometer fan de Slotpleats ôf. It fermoeden bestiet dat hy nea in militêre funksje hân hat en foar oefendoeleinen oanlein is troch de wiskundige Johann Hermann Knoop, alhoewol't dizze skâns oan de iuwenâlde Beakendyk leit, yn earder tiden ien fan de pear heger lizzende trochgongen op it sompich paad nei Drinte. Dat soe betsjutte kinne dat de Stjerreskâns wol in ferdigeningsfunksje hân hat.
Yn 1997 waard Natoermonuminten eigener fan it lângoed, yn 2002 wie de restauraasje klear. De skâns leit tichtby in nuddelbosk, dat grinzet oan in earder fen. Troch de begroeiïng wie de skâns fan it paad ôf amperoan te sjen. Nei de restauraasje is de skâns wer goed te sjen. De restauraasje foarkomt ek dat omfallen beammen of de kluten dêrfan yn de wâlen, de oarspronklike foarm oantaaste. It wâlepatroan is wersteld troch de wâlen te ferstevigjen en de groppen út te graven. Sa moat de skâns mei it fen in iepen plak yn de bosk wurde dat minsken lûkt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |