Stillibben
In stillibben is in artistike komposysje (skilderij, tekening, foto), fierwei it meast fan in (dea) foarwurp. It giet dan om objekten út de natoer sa as iten, blommen, planten, stiennen of skelpen; of troch minsken makke alledeistige dingen sa as fasen, potsjes en pansjes, munten, boeken, tabaksdoazen, ensafuorthinne.
De oarsprong fan it stillibben leit al yn de midsiuwen en ek yn de Grykske- en Romeinske âldheid waarden sy al makke. It stillibben joech de keunstner fan dy tiid mear frijheid fan komposysje en kleurgebrûk as yn it gefal fan in portret of in lânskip, dêr't de komposysje en kleurtoan fan fêst leit. Nei 1800 spile dit motyf hoe langer hoe minder in rol.
Stillibbens fan foar 1700 hawwe faak religieuze en/of allegoaryske symboalen. Doetiids ferstiene taskôgers de djippere betsjutting fan sjochtwei foarwurpen better as no. Bygelyks in memento mori, troch in kombinaasje fan in bibel mei in minsklike plasse ôf te byldzjen.
Soarten stillibbens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stillibben | Soarte stillibben | Foarwerpen | Symbolyk |
Pronkstillibben | Kostberheden en bysûndere fruchten | Rykdom, wielde | |
Stillibben mei in eksimplaar fan |
Oerwinningsstillibben | Hjerring, bôle, bier | De nasjonale ekonomy, sunichheid en flyt |
Banket stillibben, 1667, |
Banketsje | Foarwerpen en iten dy't by in miel hearre | Mooglik in oamoediging ta matichheid, of in ferwizing nei it Lêste Jûnsmiel. Kin ek rykdom werjaan. |
Vanitas, 1630, Pieter Claesz |
Vanitas | Skedels, dôve kearsen, ferwyklge blommen, fergiene boeken, omfallen glêzen | Idelheid en sinleasheid fan ierdsk besit of it memento mori |
Trompe l'œil, |
Synbedrager of Trompe-l'oeil | Samling foarwerpen út it deistich libben dy't libbensecht lykje, bygelyks in rek mei brieven, pennen, skjirren en sokssawat. | |
Stilleven met bloemen, 1639, |
Blomstillibben | Allerhanne blommen, somtiids fan ynsekten (flinters, krobben) omjûn. | Faaks fergonklikens, mar ek bewûndering foar de skepping |
Fruitstillbben | Allerhanne fruchten | Oerfloed en fruchtberheid | |
Wittenskipsstillibben | Boeken, passers, wrâldbol, sânrinners | Geleardens, de oerwinning fan de wittenskip | |
In aap en in hûn by dood wild, |
Jachtstik | Deade fasanten, dowen, harten en oar wyld | |
Stilleven, 1644, Adriaen van Utrecht |
Muzykynstruminten | ||
Stillibben, 1641, Alexander Adriaenssen |
Merk- en keukenstikken | Fleis, fisk, griente en fruit | |
Religjeus | Rozekrânse, kroan, wiereekfet, fisk | Ferwizing nei Bibelske ferhalen | |
Stillibben me romer, fluit, ierden krúk |
Religjeus | Nôtieren, druvetrosse en romer wyn | Ferwizing nei Kristus |
Stilleven, Abraham van Beijeren |
Religieus | Appel of sinesappel | Ferwizing nei de erfsûnde |
Gouden Iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Gouden Iuw belibbe de produksje fan stillibbens yn Nederlân en Flaanders in hichtepunt. Grutte masters wiene yn dat tiidrek Jan Jansz. den Uyl, Willem Kalf, Pieter Claesz, en Willem Claeszoon Heda. Oaren wiene Clara Peeters, Melchior de Hondecoeter, Pieter de Ring, Pieter Boel, Jacob van Hulsdonck, Maerten Boelema de Stomme, Harmen Steenwijck, Pieter Steenwijck, Karel Slabbaert, Adriaen van Utrecht, Elias Vonck, Albert Vinckenbrinck, Jacques de Ville, Jan Treck, Roelant Savery, Frans van Schooten, Hendrick Gerritsz. Pot, Carstian Luyckx, Joos de Momper, Cornelis Kick, Cornelis Brisé, Pieter van den Bosch, Johannes Borman, Osias Beert, Floris van Dyck, Abraham Brueghel en Nicolaes Gillis.
Blomstillibbens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Masters fan it blomstillibben wiene Roelant Savery, Ambrosius Bosschaert de Oude, Jan Brueghel de Oude, Balthasar van der Ast, Jan Davidsz. de Heem, Evert van Aelst, Maria van Oosterwijck, Rachel Ruysch, Jan van Huysum, Jan van Os.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Henk Helmantel, stillibbenskilder en ien fan de Noardlike realisten.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Schilderijen-site.nl: Stillibbens
- (ned) Bart Verschaffel in De Witte Raaf: De beeldruimte van het stilleven (van Cotàn tot Coorte)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Still life paintings fan Wikimedia Commons. |