Springe nei ynhâld

Balthasar van der Ast

Ut Wikipedy
Stillibben mei fruchten en blommen. 1620-1621. Amsterdam, Ryksmuseum Amsterdam.
Stillibben, ± 1628

Balthasar van der Ast (Middelburch, 1593 of 1594 - Delft, desimber 1657) wie in Nederlânsk keunstskilder fan blomstillibbens.

Balthasar van der Ast wie de soan fan in begoedige wolhanneler. Hy studearre by syn sweacher Ambrosius Bosschaert (1573-1621, troud mei syn suster Maria) yn Middelburch en gie mei him nei Utert. Dêre wurdt er yn 1618 neamd. It jier derop wurdt er lid fan it Sint-Lucasgilde. Hy rekket goed befreone mei Roelant Savery, mei wa't er niget oan blommen en bisten dielde. Yn 1632 ferfarde er nei Delft, dêr't er troude mei Margrieta Jans van Buijeren. Sy krigen twa bern, Maria en Helena. Van Asten hat de rest fan syn libben yn Delft trochbrocht. Hy leit begroeven yn de Alde Tsjerke.

Van der Ast hat de trije soannen fan Bosschaert it skilderjen bybrocht nei it fersjerren fan harren heit.

Van der Ast skildere tige ferfine stillibbens fan fruit en blommen yn de trant fan Bosschaert. Syn komposysjes en kleurgebrûk binne tige útbalansearre. Starichoan waarden syn doeken grutter en de komposysje yngewikkelder oant er letter pronkstillibbens op de wize fan Jan Davidsz. de Heem skildere.

Van der Ast wurdt ek beskôge as pionier fan it skilderjen fan skulpen, ek ynsekten en hagedissen hearden ta syn ûnderwerpen.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Balthasar van der Ast fan Wikimedia Commons.