Springe nei ynhâld

Oranjewâld Festival

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stifting Oranjewâld Festival)
Oranjewâld Festival
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente It Hearrenfean
plak It Oranjewâld
holden yn it Parkgebiet It Oranjewâld
tiid fan it jier begjin juny
bysûnderheden
soarte evenemint muzykfestival
sjenre klassike muzyk
bestean 2012 – no
org. troch Stifting Oranjewâld Festival
offisjele webside
www.oranjewoudfestival.nl

It Oranjewâld Festival (Nederlânsk en offisjeel: Oranjewoud Festival) is in muzykfestival dat elts jier yn 'e earste helte fan juny holden wurdt yn it Parkgebiet It Oranjewâld, tichteby it Fryske doarp It Oranjewâld, oan 'e eastkant fan It Hearrenfean. It is in evenemint wêrby't it sjenre fan 'e klassike muzyk sintraal stiet, hoewol't (soms) ek mingfoarmen mei oare muzyksjenres oan bod komme. De konserten fine plak yn 'e iepen loft yn ferskillende dielen fan it Parkgebiet, wêrûnder it terrein fan it Lângoed It Oranjewâld en de Oertún. Yn 2018 wie it Oranjewâld Festival yn it bredere ramt pleatst fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa.

It Oranjewâld Festival waard yn 2012 foar de earste kear holden. It wurdt organisearre troch de Stifting Oranjewâld Festival, dy't yn 2011 oprjochte waard ûnder de namme Stifting Lângoedkonserten Oranjewâld. Dit is in Algemien Nut Beëagjende Ynstelling (ANBI), dy't ynskreaun stiet by de Keamer fan Keaphannel. De stifting stelt him ta doel om publyk tagonklike konserten te organisearjen op bysûndere (erfgoed)lokaasjes op It Oranjewâld, om dêrmei sawol de leafde foar klassike muzyk oan te fiterjen as omtinken te jaan oan it ûnreplik erfgoed yn it doarp.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: