Stienkrobben

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stienkrobbe)
stienkrobben
De gewoane stienkrobbe (Oniscus asellus)
De gewoane stienkrobbe (Oniscus asellus)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: lidpoatigen (Arthropoda)
ûnderstamme: kreefteftigen (Crustacea)
klasse: hegere kreefteftigen (Malacostraca)
boppeskift: pûdgarnaaleftigen (Peracarida)
skift: stienkrobben (Isopoda)
Latreille, 1817

De stienkrobben (Isopoda) binne in skift fan lidpoatigen dy't hearre ta de kreefteftigen (Crustacea). Stienkrobben binne eins wetterdieren, dy't yn see libje. In lytse kloft binnen dit skift hat de see ferlitten: de lânstienkrobben (Oniscidea). Dat binne de bekendste soarten. Yn Nederlân komme 31 op it lân libjende soarten foar.

Anatomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stienkrobben binne ûngefear 16 mm lang en bestiet út sân segminten mei oan elk segmint twa poaten. De rêchkant is in bytsje platbol en de búkside plathol. De kop en it efterliif binne lyts en it boarststik is yn ferhâlding hiel grut. It boarststik fan de krobbe bestiet út in oantal hurde, inoar oerlaapjende platen dy't de krobbe beskermje. Op de kop sitte twa lange fielteisters mei dêrboppe de eagen, dy't út meardere lytse eachboltsjes bestean. Oan de ûnderkant fan it kopdiel sitte de kaken. De krobbe hat foar it sykheljen krektas fisken kiuwen. Dy sitte oan de efterste poaten.

Leefomjouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik komme de krobben yn 'e see foar, mar libje ek yn swietwetter. In lytse groep, de lânkreeftkes, hat de see ferlitten, mar harren kiuwen hâlden. De út aaikes kommende jongen bliuwe yn de briedbûdel tsjin 'e boarst fan de wyfkes sitten oant se folgroeid binne.

Soarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarten kinne nei harren gedrach en foarm yn fjouwer groepen yndield wurde. Der binne soarten mei in brede en mei in platte foarm dy't har oeral oan fêstgripe.
Dêrneist binne der soarten dy't har by oanreitsjen as in baltsje oprôlje. Der binne ek soarten mei in slanke foarm en lange poaten dy't by fersteuring hurd fuortrinne en der binne soarten dy't stadich weikrûpe.

De muorrekrobbe of kelderkrobbe (Porcellio scaber) is fanwege syn kiuwen dy't gau útdrûgje te finen yn fochtige romten, ûnder stiennen en ôffal. De boppekant is egaal donker. Dizze krobbe libbet fan ôffallen blêden en dea hout en is dêrtroch wichtich foar de ôfbraak fan organysk materiaal.

De gewoane stienkrobbe (Oniscus asellus) grypt him fêst en hat in grize boppekant, dêr't ljochte plakken op foarkomme.

Famyljes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fotogalerij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]