Stienboete
Appearance
In stienboete wie in boete dy't yn stiennen foldien wurde koe.
Noch yn de 16e iuw hie de geastlikheid bygelyks yn Ljouwert by de Aldehou it rjocht om stienboeten op te lizzen foar geastlike en boargerlike misdriuwen. Sa kaam de tsjerke oan stiennen foar tsjerkebou. Ek beafearten koenen tsjin stienboeten ôfkocht wurde.
De stienboete is yn hast alle Nederlânske stêden tapast.[1] Ynstee fan beteljen mei stiennen koe de boete faak ek foldien wurde yn de jildlike wearde dêrfan. Yn 1478 waard yn Utert de wearde fan tûzen stiennen lyksteld mei fiif pûn; foar itselde tal stiennen waard yn de 16e iuw yn Stienwyk de jildwearde bepaald op seis pûn.[2][1]ad
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wikiwurdboek-side - stienboete
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|