Stichting fan de Arbeid

Ut Wikipedy
Foarsitters fan de Stichting fan de Arbeid: J. Bosma, P.S. Pels en D. Roemers (1964)

De Stichting fan de Arbeid is in oerlisorgaan fan organisaasjes fan wurkjouwers en fan wurknimmers yn Nederlân.

De Stifting waard 17 maaie 1945 opgerjochte en húsmannet yn De Haach. De Stichting wie yn de earste jierren nei de Twadde Wrâldkriich it meast wichtige oerlisorgaan foar sosjaal-ekonomyske fraachstikken tusken wurkjouwers, wurknimmers en oerheid, mar dy funksje waard yn 1950 oernaam troch de Sosjaal-Ekonomyske Ried (SER). De Stichting is noch wol it plak foar it maitiids- en neijiersoerlis tusken de sosjale partners. Kabinet en fertsjintwurdigers fan wurkjouwers en wurknimmers besprekke dan de saneamde sosjale akkoarden, dêr't ôfspraken yn makke wurde oer algemiene leanferhegingen, arbeidsbetingsten ensafuorthinne.


Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]