Fiskerijdagen Makkum
Fiskerijdagen Makkum Visserijdagen Makkum | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Makkum | |
holden yn | hiel doarp | |
tiid fan it jier | begjin augustus (om it jier) | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | kultureel | |
bestean | 2003 – no | |
org. troch | St. Fiskerijdagen Makkum | |
offisjele webside | ||
www.visserijdagen-makkum.nl |
De Fiskerijdagen Makkum (Nederlânsk en offisjeel: Visserijdagen Makkum) foarmje in evenemint dat om it jier yn it Fryske doarp Makkum holden wurdt. It is in kultureel festival, dat oarspronklik bedoeld wie om Makkum "wer op 'e kaart te setten". By de Fiskerijdagen Makkum wurdt de bân dy't it doarp mei it wetter hat, op alle mooglike manearen fierd.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 1970-er jierren waarden der yn Makkum inkele kearen Fiskerijdagen organisearre troch de fiskerijsektor sels, nei foarbyld fan 'e Fiskerijdagen Harns, dy't al sûnt 1959 bestiene. It barren blette lykwols nei ferrin fan tiid dea. Yn febrewaris 2003 kaam in groepke lykstimde ynwenners ûnder lieding fan Monique Mak gear mei it doel om wat reuring te bringen yn it neffens harren sliepperige Iselmardoarp. Der waard doe besletten dat de bêste manear om dat te berikken wie troch de eigen Fiskerijdagen nij libben yn te blazen. Dêrta waard de Stichting Fiskerijdagen Makkum oprjochte en by de Keamer fan Keaphannel ynskreaun.
Yn 'e simmer fan 2003 al waard de earste edysje fan 'e nije Fiskerijdagen Makkum holden. De organisaasje hope op 5.000 besikers, mar der kamen úteinlik 15.000 minsken op ôf. Dêrmei wie it evenemint in daverjend súkses, mar it soarge der wol foar dat it de organisators suver oer de meuch gie. Dêr waard de learing út lutsen dat it tenei allegear folle profesjoneler oanpakt wurde moast. Besletten waard om it festival ien kear yn 'e twa jier te organisearjen. De twadde kear waard it sadwaande holden yn 2005, en folgjende edysjes fûnen hieltyd plak yn ûneven jiertallen. Yn 2019 waarden de Fiskerijdagen Makkum foar de njoggende kear organisearre.
Tsjin dy tiid wurke de organisaasje efter it evenemint mei in draaiboek, in detaillearre begrutting en skema's fan 'e ynset fan frijwilligers dêr't eltsenien him oan hâlde moast. Ek wiene in soad dingen digitalisearre. Boppedat moast der doe rekken holden wurde mei in protte wetlike bepalings dy't earder net gouwen, lykas befeiliging, kontrôles troch de brânwacht en de ferplichte oanwêzigens fan genôch EHBO-foarsjennings. De kosten wiene dêrtroch flink opslein. Dêrnjonken wie ek it tal aktiviteiten fan 'e Fiskerijdagen útwreide. It wie yn 2019 in trijedeisk festival, dat begûn op tongersdeitejûn en einige op sneontejûn.
Underdielen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Underdielen fan 'e Fiskerijdagen Makkum wiene yn 2019 û.m. in grêftekonsert, in kwis, wedstriden yn angelfiskjen en ielrikjen, fersiering fan 'e fiskersskippen, in ringriderij, tentoanstelling fan keunst makke troch bern, besichtiging fan 'e skippen fan 'e fiskerijfloat, in nautyske merk, demonstraasjes fan âlde ambachten, rûnfearten, in behindichheidswedstryd mei sleepboaten, strjitteäter, optredens fan shantykoaren en in floatskou. Foar bern wie der fierders in optocht en in merke.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|