Stereoskopyske film

Ut Wikipedy

In 3D-film, trijediminsjonale film of stereoskopyske film is in film dêr’t (skynbere) djipte yn makke wurdt troch stereoskopy.

Taskôgers fan in 3D-film by it Festival of Britain 1951 yn Londen

Yn de tweintiger jierren begûn de minske gebrûk te meitsjen fan trijediminsjonale bylden. Om de projeksje te besjen moasten se hast altyd in bril brûke.

Yn de fyftiger jierren waard der mei de anaglyfmetoade projektearre. Bwana Devil fan Arch Oboler út 1952 wie de earste langspylfilm yn trije diminsjes dy’t yn gewoane bioskoopsealen fertoand waard. Bekende 3D-films út dy tiid binne It Came from Outer Space en House of Wax út 1953, Creature from the Black Lagoon en Dial M for Murder út 1954. Yn de tachtiger jierren belibbe de 3D-film noch in comeback mei ûnder oare in 3D-ferzje fan Jaws.

Dêrnei kaam in bettere metoade yn swang, nammentlik dy mei polarisearre ljocht. Dy metoade wie ek geskikt foar kleurefilms mar wie allinnich te brûken yn bioskopen dy’t dêr spesjaal foar tarist wiene. Ek waard er tapast yn IMAX-filmsealen dêr’t in spektakulêr skouspul troch kreëarre waard.

Yn 2008 waard op it Nederlânsk Film Festival de earste Nederlânsktalige digitale koarte 3D-film Boat Trip 3D fertoand.[1] Yn 2009 kaam de 3D-film Avatar yn de bioskoop, folge troch Tron Legacy en Alice in Wonderland yn 2010. De film Nova Zembla (2011) is de earste Nederlânske jûnfoljende 3D-film.

Krityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Djipte kin folle ienfâldiger suggerearre wurde troch de kamera in bytsje te fersetten. Stereofotograven mei in soad ûnderfining binne dan ek fan betinken dat in stereofilm, lykas ek in stereofoto spektakulêr wêze kin, mar dat stereo foar spylfilms amper in ferbettering is.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Eerste Nederlandse 3D film op NFF, Nieuws.be, 2008