Springe nei ynhâld

Stephen Lewis (akteur)

Ut Wikipedy
Stephen Lewis (akteur)
akteur
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan it Feriene Keninkryk Britsk
berne 17 desimber 1926
berteplak Londen
stoarn 12 augustus 2015 (88 jier)
stjerplak Londen
etnisiteit Ingelsk
jierren aktyf om 1958–2007
offisjele webside
(in) Profyl Stephen Lewis yn de IMDb

Stephen Lewis (Londen, 17 desimber 1926 – dêre, 12 augustus 2015)[1] wie in Britsk toanielskriuwer, senarioskriwer en yn it foarste plak telefyzje- en filmakteur, fral bekend wurden troch syn koartswilige rollen as Cyril 'Blakey' Blake yn de telefyzjerige On the Buses, Clem "Smiler" Hemmingway yn Last of the Summer Wine en as Harry Lambert yn Oh, Doctor Beeching!. Ier yn syn karriêre brûkte er de skûlnamme Stephen Cato.

Lewis wurke yn syn jonge jierren as mitselder, elektrisjensfeint en timmerman en hat ek fearn by de keapfardij foar't er akteur waard.[2] Hy waard op in stuit oerhelle om mei te gean nei in foarstelling fan de Theatre Workshop, ûnder regisseur Joan Littlewood. Nei de foarstelling wie it wenst dat it publyk mei de cast prate koe. Lewis waard frege foar in audysje en waard dêrnei lid fan it selskip.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. www.bbc.com
  2. http://www.dailymail.co.uk/news/article-3210293/I-hate-Butler-Buses-star-Anna-Karen-mourners-told-actor-Stephen-Lewis-loved-repeat-Blakey-catchphrase-nursing-home.html