Stek (follybal)
Appearance
In stek is in term út it follybal. It is in technyk dy't fral op in heger nivo tapast wurdt. By dy technyk springt de oanfaller sawat op itselde stuit dat de spulferdieler de set-up jout. De spulferdieler spilet de bal hast horizontaal nei de oanfaller.
De ôfstân kin fariearje fan 1 oant 3 meter foar de middeloanfaller (faak heale stek neamd) oant in langere stek foar de bûtenoanfaller, dy't flak foar de atenne slein wurdt. In noch koartere ôfstân wurdt in stiichoanfal neamd.
In stek kin ek efteroer spile wurde, mar dat komt mar in bytsje foar. It grutte foardiel fan in stekoanfal is de gong dêr't dy mei útfierd wurdt. Op dy manier kriget de blokkearing in bytsje tiid om te reagearjen.