Springe nei ynhâld

Steggerdasleat

Ut Wikipedy

De Steggerdasleat (Stellingwerfsk en offisjeel: Steggerdesloot) is in feart yn de gemeente Weststellingwerf. De feart rint fan Steggerda nei it noardwestliker lizzende natoerreservaat de Lendevallei en komt út yn it rivierke De Linde. Yn 1614 wurdt foar it earst melding makke fan in feankompanjy yn de omkriten fan Steggerda. Dizze maatskippij dy't it heeechfean planmjittich ôfgroef hie de namme 'Kompanjy fan Steggerdesloot'.

De namme Steggerdesloot jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Steggerdavaart.