Springe nei ynhâld

Stasjon Sint-Anne

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stasjon Sint Anne)
It eardere stasjon yn 2014
Stasjon Sint Anne yn 1910

Stasjon Sint-Anne is in earder spoarstasjon oan it spoar Stiens-Harns. It stasjon waard iepene op 2 desimber 1902 en sluten op 1 desimber 1940.

It stasjonsgebou waard setten yn 1901. It gebou lei oan de Steven Huygenstrjitte, en is tsjintwurdich as wenhûs ynrjochte.

Dit stasjon is boud nei it stasjonsûntwerp mei de namme Standaardtype NFLS, dat benammen brûkt waard foar ferskate spoarstasjons yn Fryslân. It stasjon yn Sint Anne foel binnen it type NFLS halte 1e klasse.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: