Springe nei ynhâld

Stasjon Laren-Almen

Ut Wikipedy
Stasjon Laren-Almen
station Laren-Almen
Stasjon Laren-Almen yn 2018
Stasjon Laren-Almen yn 2018
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Lochem
plak Laren
adres Zutphenseweg
arsjitektuer
stasjonskoade Lr
type Trochgongsstasjon
iepening 1 novimber 1865
sluting 15 maaie 1938
boujier 1863
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
monumintale status Gemeentlik monumint
monumintnûmer 0262/LCH310
oare ynformaasje
spoarline Steatsline D
kaart
Stasjon Laren-Almen (Gelderlân)
Stasjon Laren-Almen

Stasjon Laren-Almen (Lr) is in earder stasjon oan de Steatsline D yn Laren yn de gemeente Lochem yn de provinsje Gelderlân. It stasjon wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fiifde klasse en is ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is en ien fan de njoggen stasjons fan dit type dy't noch oanwêzich is.

It stasjonsgebou kaam yn 1865 ree en waard iepene op 1 novimber 1865 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline D oanlein wie. Yn 1914 is oan de linkerkant in fleugel oanboud en krige it middenpart der in ferdjipping by. It stasjon waard sletten yn 1938. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei partikulier besit.

By de iepening hjitte it stasjon, stasjon Harkelbrug, ferneamd nei de brêge oer de Harfense Beek. Letter waard de namme stasjon Laren-Almen. Yn 1925 feroare it Ministearje fan Wettersteat mei yngong fan de nije tsjinstregeling de namme yn stasjon Laren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: