Springe nei ynhâld

Stasjon Grins Noard

Ut Wikipedy
Stasjon Grins Noard
station Groningen Noord
Stasjon Grins Noard (2011)
Stasjon Grins Noard (2011)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Grinslân
gemeente Grins
plak Grins
adresKastanjelaan
arsjitektuer
stasjonskoadeGnn
typeFiaduktstasjon
iepening15 juny 1884
boujier1883 1e stasjonsgebou
1974 2e stasjonsgebou
sloopjier1972 1e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons2
perronspoaren2
spoarlineGrins - Delfsyl
Stasjon Grins Noard (1920)
Stasjon Grins Noard (1920)
Stasjon Grins Noard (1970)
Stasjon Grins Noard (1970)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Grins Noard (Grins)
Stasjon Grins Noard

Stasjon Grins Noard (Gnn), ek bekend as it Noarderstasjon, is in spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Grins yn de provinsje Grinslân. En waard iepene yn 1884 oan it spoar fan Grins nei Delfsyl.

It oarspronklike spoarweistasjon fan Grins Noard wie in langliddige stasjonsgebou en hie oan 'e strjitkant in heger middendiel en twa lege wjukken. It gebou hie lykas ferskate soartgenoaten fraaie plafonds yn de hal en wachtkeamers.

It stasjon waard yn 1972 ôfbrútsen omdat begjin jierren ’70 de spoarline lâns de noardlike stedswiken omheech brocht wurdt, om de noardlike stedswiken better berikber te meitsjen fanút de binnenstêd en de âldere stedswiken. It âlde stasjonsgebou waard yn 1974 ferfongen troch in fiadukstasjon. Under it fiadukt komt in stasjonshal mei loketten. De twa sydperronnen binne beide fia twa oerdekte treppehuzen berikber. De perronnen krije lange oerkapingen. Yn 2007 binne de fjouwer treppehuzen fan it Noarderstasjon sletten en ferfongen troch twa nije treppen. Underoan de treppen steane opfallende poarten. Yn de âlde treppehuzen binne ateliers, en de stasjonshal is yn gebrûk as ytgelegenheid. Behalve fia de twa treppen binne de perrons ek te beriken mei twa hellingbanen.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 4
37600
Stoptrein (Arriva) Grins – Grins Noard – Roodeschool – Iemshaven Fjouwer of fiif treinen deis fan en nei Eemshaven
RS 5
37700
Stoptrein (Arriva) Grins – Grins Noard – Delfsyl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: