Springe nei ynhâld

Stasjon Bunde (Nederlân)

Ut Wikipedy
Stasjon Bunde
station Bunde
Stasjon Bunde yn 1964
Stasjon Bunde yn 1964
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Limburch
Gemeente Meerssen
plak Bunde
adres Prinses Wilhelminaweg 27
arsjitektuer
stasjonskoade Bde
iepening 21 novimber 1865
1 july 1945 Weriepening
4 maaie 1950 Weriepening
sluting 15 maaie 1938
4 maaie 1947
boujier 1862 1e stasjonsgebou
1964 2e stasjonsgebou
sloopjier 1964 1e stasjonsgebou
2005 2e stasjonsgebou
arsjitekt 1862
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1964
C. Douma
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Steatsline E
838 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Bunde (Limburch)
Stasjon Bunde

Stasjon Bunde (Bde) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Bunde yn de provinsje Limburch. En waard iepene yn 1865 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). It stasjon leit hjoed-de-dei oan it part fan it spoar dat eksploitearre wurdt troch Arriva.

It oarspronklike spoarweistasjon fan Bunde wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fiifde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie in ûntwerp fan de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode. It stasjon waard sûnt de iepening meardere kearen útwreide. Yn 1911 waard de rjochterfleugel útwreide, yn 1914 krige it middenpart der in ferdjipping by.

It stasjon waard yn 1964 ferfongen troch in nij gebou bekend as Standerttype Douma fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. Nei't yn 2000 de NS it loket foar de kaartferkeap slúte, stie is stasjonsgebou leech. Yn 2005 waard it beslút naam om it slim fertutearze gebou ôf te brekken.

Yn de jûn fan 29 juny 2021 stiene de spoaren splis fanwegen fûle rein. De oarsaak fan it ûnderrinnen is dat de spoaren wat leger as de omjouwing lizze en it stasjon oan de foet fan it Sintraal Plato leit. Op it waarstasjon op it fleanfjild yn Beek waard 83 milimeter rein metten op dy tiisdei [1]

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 12
32400
Stoptrein (Arriva) Maastricht RandwyckMaastrichtBundeSittardRoermond

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: