Stasjon Breda-Prinsenbeek (Bdpb) is in spoarweistasjon yn de stêd Breda yn de provinsje Noard-Brabân en waard iepene yn 1988 oan de Steatsline I (Breda - Rotterdam Sintraal). It leit tusken Prinsenbeek en de Bredase wyk Haachske Beemden. It stasjonsgebou is in typyske foarstêdhalte mei wachtromte en loket, ûntwurpen troch de arsjitekt Hans Bak.
Oant 2003 wiene de perrons fia in spoarweioergong te berikken, mar yn 2003 kaam der in brêge. Oer dy brêge, dy't it stasjon ferbynt mei de wyk Haachske Beemden, wie nei de iepening krityk. Dit omdat de brêge diel útmakket fan de fytsrûte tusken Breda en Prinsenbeek en fytsers de brêge allinnich berikke koene fia in steile roltrep en net fia in hellingbaan. Letter binne oan beide kanten hellingbanen oanlein as ferfanging fan de roltreppen.