Stalin Oargels (band)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stalin Oargels)

De Stalin Orgels wie in Fryske punkband fan De Feanhoop. De namme is neamd nei Russyske frachtweinen mei raketten der op. De groep makke ein tachtiger jierren Fryske muzyk. Yn de band sieten Jan Pier Brands en Kees de Vries. De sanger wie Kees de Vries dy't nûmers spile as Heitie, Jan Fiber en Beppe Tosk. De band wie ek te sjen op Aaipop. De styl fan de Stalin Oargels waard neifolge troch de band Strawelte.