Katjûsja (raketsmiter)
Katjûsja (Russysk: Катюша) is de oantsjutting foar twa typen raketwapens en harren mobile lansearynstallaasjes. Dy raketsmiter waard makke yn de Sovjet-Uny yn de Twadde Wrâldoarloch. Om reden fan it lûd fan de raketten, de likenis mei de pipen fan in oargel en meidat Jozef Stalin doedestiids de lieder fan de Sovjet-Uny wie, krige it apparaat fan de Dútske soldaten al gau de bynamme stalinoargel.
Raketsmiters lykas dizze kinne flugger eksplosiven nei in doel bringe as konvinsjoneel geskut, mar binne lang sa sekuer net en it nimt mear tiid om se op 'e nij te laden. Se binne kwetsber ferlike mei artillery, mar binne goedkeap, maklik te meitsjen en brûkber op elts sjassy. De Katjûsja fan de Twadde Wrâldoarloch wie it earste selsridende artillery dy't massaal troch de Sovjet-Uny produsearre waard. Sy waarden meast op gewoane frachtweinen montearre, mar ek op tanks, skippen en treinen. Dy mobiliteit joech de Katjûsja noch in foardiel: it leverje kinnen fan in grutte klap yn ien kear, en se dan te ferpleatsen ear't se lokalisearre wurden koene en mei tsjin-batterijfjoer oanfallen wurde koene.
Der wiene trije typen, de BM-8 (82mm) en BM-13 (132mm) en BM-31 (300mm); BM stiet foar Bojevaja Masjina – gefjochtsapparaat.