Staffel (follybal)

Ut Wikipedy

In staffel is in term út it follybal. In staffel is in oanfalstaktyk, by dy oanfal is it de bedoeling om de ferdigening yn betizing te bringen troch in oanfaller in skynoanfal útfiere te litten. Dat bart trochdat in oanfaller, om sa mar te sizzen, ûnder de bal troch rint en nei de skynoanfal de bal slein wurdt troch in oanfaller dy't efter by him lâns rûn is. De earste oanfaller hat, as it goed is, it blok mei him meilutsen, dêrtroch kin de twadde oanfaller de bal slaan sûnder dat dy hindere wurdt troch it blok. Dat freget in protte oefening en in perfekte timing tusken de twa oanfallers en de spulferdieler. De blokkearing wurdt meastentiids troch de midspiler 'fuortlutsen', dêrtroch kin in bûtenoanfaller/passer-rinner of diagonaalspiler de bal frij slaan. De oanfaller falt troch in rinaksje op in ûnferwacht plak oan.