St Mary-le-Bow

Ut Wikipedy
Sint-Marije fan 'e Bôgen

St Mary-le-Bow

Lokaasje
lân Ingelân
plak Londen, EC2V 6AU
adres Cheapside
koördinaten 51° 30' N 0° 5' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
arsjitekt Christopher Wren
boujier 1671-1673
monumintale status Grade I listed building
Webside
www.stmarylebow.org.uk
Kaart
St Mary-le-Bow (Londen)
St Mary-le-Bow

St Mary-le-Bow is in tsjerkegebou oan 'e Cheapside yn it sintrum fan 'e Ingelske haadstêd Londen. Neffens de tradysje mei immen himsels allinne in echte cockney neame as er berne is op in plak, dêr't de klokken fan St Mary-le-Bow noch te hearren binne.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Argeologysk ûndersyk hat útwiisd dat op it plak al sûnt de Angelsaksyske tiid in tsjerke stien hat. Yn 1091 waard in tsjerke op it plak troch swier waar ferneatige. De nije tsjerke waaard boud op twa nivo's, mei in legere ûnderbou dat foar in part ûnder it strjittenivo lei en in boppetsjerke. De benedentsjerke hie grutte stiennen bôgen en soks wie yn dy tiid wat nijs. Dy bôgen joech de tsjerke de namme Sancta Maria de Arcubus ('Hillige Marije fan 'e Bôgen'), in namme dy't lang om let yn it Ingelsk St Mary-le-Bow waard.

Cheapside en St Mary-le-Bow op in gravuere út 1837

Yn 1666 gyng de tsjerke by de Grutte Brân fan Londen ferlern. Om't St Mary-le-Bow nei de St Paul's Cathedral de wichtichste tsjerke wie, waard it ek ien fan de earste tsjerken dy't nei de brân wer opboud waard. Dat barde neffens it ûntwerp fan sir Christopher Wren yn 'e jierren 1671-1673. De 68 meter hege tsjerketoer waard yn 1680 foltôge.

Sûnt it begjin fan 'e jierren 1940 waard in lûdsfragmint fan 'e klokken fan 'e tsjerke yn 'e pauzes fan 'e Ingelsktalige útstjoerings fan BBC World Service brûkt. It lûdsfragmint wurdt noch jimmeroan brûkt ear't guon Ingelsktalige útstjoerings begjinne.

Op 10 maaie 1941 waard de tsjerke op 'e bûtenmuorren nei folsein ferneatige troch Dútske bombardeminten op 'e stêd. Wylst de tsjerke útbaarnde, stoarten ek de klokken nei ûnder. De restauraasje fan 'e tsjerke sette yn 1956 útein. De klokken waarden yn 1956 getten en binne yn 1961 yn 'e toer ynstalearre.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 2010 troch de oargelbouwer Kenneth Tickel (Northampton) boud mei behâld fan twa registers fan it âldere ynstrumint. It front datearret fan it jier 1964, dat foar de foargonger fan 'e oargelboufirma Rushworth & Dreaper's boud wurden waard en basearre is op 'e 18e iuwske oargels fan 'e oargelboufamylje Silbermann. Yn gearhing mei it front hat ek it ynstrumint sels in Frânsk-romantyske disposysje. It ynstrumint hat 31 registers op twa manualen en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk, de registertraktueren elektrysk.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:St Mary-le-Bow