St John's (Smith Square)

Ut Wikipedy
Sint-Jehannes (Smith Square)

St John's, Smith Square

Lokaasje
lân Ingelân
plak Londen
adres Smith Square
koördinaten 51° 29' N 0° 7' W
Tsjerklike gegevens
status bûten gebrûk as tsjerke
funksje: konsertseal
Arsjitektuer
arsjitekt Thomas Archer
boujier 1713-1728
boustyl Ingelske barok
monumintale status Grade I listed building
Webside
www.sjss.org.uk
Kaart
St John's (Londen en Westminster)
St John's

St John's oan Smith Square is in earder tsjerkegebou yn it sintrum fan it Smith Square yn Westminster, Londen. Sûnt de tsjerke troch de bombardeminten op Londen yn 'e Twadde Wrâldkriich útbaarnde, is de oarspronklik Anglikaanske tsjerke bûten gebrûk steld en tweintich jier letter nei in restauraasje yn gebrûk nommen as konsertseal.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De monumintale tsjerke waard troch Thomas Archer (* 1668 - † 1743) ûntwurpen en foltôge yn 1728. It wie ien fan 'e fyftich nije tsjerken, dy't yn it ramt fan in oerheidsprogramma foar it waaksjende Londen boud waard. Foar it jild foar de útfiering fan it programma waard yn 1711 by wet regele dat der in heffing kaam op 'e ymport fan koal yn 'e haven fan Londen.

De tsjerke op it plein yn de 18e iuw

It gebou mei fjouwer hoektuorren en monumintale frontons wurdt beskôge as ien fan de moaiste foarbylden fan 'e Ingelske barok.

De nei Jehannes de Evangelist ferneamde tsjerke tsjinne de parochy 213 jier. Op 10 maaie 1941 waard de tsjerke rekke troch in Dútske brânbom en baarnde dêrnei folslein ôf. Tweintich jier lang bleau de tsjerke dêrnei as in iepen ruïne stean. Dat is gebou bestean bleau is te tankjen oan Lady Parker fan Waddington, dy't yn 1962 in Freonen-stifting oprjochte om jild yn te sammeljen foar de werbou fan 'e tsjerke. Har krewearjen wurdt noch jimmeroan betocht mei in plakette oan 'e súdlike muorre fan de konserthal.

Sûnt de yn 1969 foltôge weropbou is de eardere tsjerke ien fan 'e grutte konsertsealen fan de haadstêd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:St John's, Smith Square