St. Patrick’s Cathedral (Karachi)

Ut Wikipedy
Sint-Patrickkatedraal
Lokaasje
lân Pakistan
provinsje Sindh
plak Karachi
adres Shahrah-e-Iraq, Saddar Karachi
koördinaten 24° 51' N 67° 2' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Karachi
patroanhillige Sint-Patrick
Arsjitektuer
arsjitekt Karl Wagner
boujier 1881
boustyl neogotyk
Webside
catholicsinpakistan.org
Kaart
St. Patrick’s Cathedral (Karachi)
St. Patrick’s Cathedral

De Sint-Patrickkatedraal yn Saddar yn Karachi (Pakistan) is de sit fan it roomsk-katolike aartsbisdom Karachi. De neogoatyske tsjerke waard yn 1881 foltôge en hat plak foar 1.500 parochianen. Foar de katedraal stiet it wite monumint fan Kristus-Kening, tusken 1926 en 1931 oanlein om de jezuïtyske missy yn 'e provinsje Sindh te betinken.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste Patricktsjerke yn Sindh waard yn 1845 op itselde plak boud as in misjetsjerke fan 'e jezuïten. Mei it tanimmen fan de katolike ynwenners fan 'e stêd sammelen de parochianen jild yn foar de bou fan in nije tsjerke. Yn 1878 waard dêr mei útein set en it gebou waard op 24 april 1881 ynwijd. Nettsjinsteande it nije gebou bleau de lytse earste tsjerke yn gebrûk, oant in stoarm yn 1885 de missytsjerke fernielde.

Ynterieur

Yn 1935 namen de Fransiskanen de tsjerke oer en letter waard it gebou oerdroegen oan it Bisdom Karachi (stifte yn 1948 en sûnt twa jier letter in aartsbisdom).

De katedraal bestie yn 1978 100 jier en yn it ramt fan it iuwfeest joech de Pakistaanske Post twa betinkingspostsegels út. Yn it ramt fan 'e Minderhedewike waard de katedraal mei oare religieuze bouwurken ek op in postsegel út 2009 ôfbylde.[1]

Yn novimber 1991 brocht Mem Teresa fan Kalkutta in besite oan 'e katedraal.

Op 22 desimber 1998 brocht in bomoanslach krekt nei de fiering fan 'e misse skea oan it gebou. De measte minsken wiene doe al krekt de tsjerke út, mar ien frou rekke ferwûne.

De Sint-Patrickkatedraal wie eartiids de grutste katolike tsjerke fan it lân, mar mei de bou fan de Sint-Pitertsjerke yn Karachi mei in kapasiteit fan 5.000 minsken rekke se dy status kwyt.

De tsjerke is sûnt 2003 in monumint.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Saint Patrick's Cathedral, Karachi