Springe nei ynhâld

Hillichdom fan Sint-Antonius

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan St. Anthony's Shrine)
Hillichdom fan Sint-Antonius
St. Anthony's Shrine

புனித அந்தோனியார் திருத்தலம்

bouwurk
lokaasje
lân Sry Lanka
distrikt Kolombo
plak Kolombo-Kotahena
adres Kochchikade, St Anthony's Mawatha
bysûnderheden
boujier 1828-1834

Hillichdom fan Sint-Antonius (Ingelsk: St. Anthony's Shrine; Tamyl: புனித அந்தோனியார் திருத்தலம்) is it tsjerkegebou fan it roomsk-katolike aartsbisdom Kolombo yn Sry Lanka. De oan Antonius fan Padua wijde tsjerke leit yn it stedsdiel Kotahena. It is in nasjonaal hillichdom en by de yngong fan de tsjerke wurdt yn in spesjale relykhâlder in stikje fan de tonge fan Sint-Antonius bewarre. De tsjerke kaam peaskesnein, 21 april 2019, yn it nijs troch in rige oanslaggen op tsjerken en hotels yn it lân.

De tsjerke giet werom op de tiid doe't oan it begjin fan de 17e iuw it lân troch de Feriene Eastyndyske Kompanjy waard bestjoerd waard. De kalvinistyske autoriteiten hiene it near lein op it katolisisme en de katoliken moasten yn it geheim de misse fiere. De muonts Antonius die him lykwols foar as keapman en hie him tichteby de St. Philip Neri Church nei wenjen set. Doe't er ris trapearre waard moast er flechtsje foar syn Nederlânske ferfolgers. Hy fûn ûnderdak by fiskers yn Mutwal oan de mûning fan de Kelani-rivier. De minksen dêr wiene benaud dat harren doarp troch ôfslach fan lân yn de see ferdwine soe en yn ruil foar it ûnderkommen easken se de help fan Antonius. Dy liet op it strân in grut krús delsette en bidde yn syn preesterklean foar it doarp. Grut wie de freugde doe't nei trije dagen bliken die dat der in ein oan de ôfslach komd wie. De weagen wiene lytser woarn en foar de kust ûntstie in grutte sânbank. Fernuvere troch sa'n grut wûnder namen de fiskers it katolike leauwe oan. De Nederlânske autoriteiten koene de ynspannings fan de muonts wol wurdearje en stiene it ta dat Antonius yn it doarp in ienfâldige kapel boude, dy't oan Antonius fan Padua wijd waard. De muonts Antonius waard sels letter yn de kapel begroeven.[1]

Yn 1806 waard de kapel fergrutte en yn 1822 gyng ien fan de parochianen nei Goa en naam in byld mei werom fan Sint-Antonius, dat noch altiten op ien fan de alters fan de tsjerke stiet.

Yn 1828 waard útein set mei de bou fan in nije tsjerke, dy't op 1 juny 1834 ynwijd waard. Yn 1938 waard de tsjerke noch ris grutter makke mei in koergalerij, sydskepen, in misjehûs en in romte achter it haadalter foar gearkomsten. De útwreide tsjerke waard op 16 febrewaris 1940 konsekrearre.

Op peaskemoandei 21 april 2019 wie de tsjerke ien fan de doelen fan in rige oanslaggen op it eilân, wêrby't mear as 200 minsken fermoarde en wol 450 minsken ferwûne waarden.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. The Nation Eye, 08.06.2008
  2. BBC, 21.04.2019