Springe nei ynhâld

Stuten

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stút (lichemsdiel))
Minsklike stuten (b. ; û. ).

De stuten (inkeltal: stút) binne de beide rûne dielen fan 'e minsklike anatomy dy't oan 'e efterkant fan 'e romp op 'e hichte fan it bekken sitte, en mei heupen ferbûn binne troch in grut tal spieren dêr't de grutte bilspier (musculus glutaeus maximus) de wichtichste fan is. Oare nammen foar dizze lichemsdielen binne it efterst of achterst, it efterwurk of achterwurk, it sitflak, as men tsjin bern praat de poepert en by (wat) rûger taalgebrûk it gat, de kont, de kanus of de reet. Ien fan 'e gongberste (fatsoenlike) nammen, de billen, is yn it Frysk wat problematysk, om't dat ek (en fan âlds yn it foarste plak) de beneaming is foar de boppeskonken.

By minsken, minskapen en in grut tal oare fjouwerpoatigen wurde de stuten foarme troch in laach ûnderhûdsk fet dy't oer de grutte stútspier (musculus glutaeus medius) en de lytse stútspier (musculus gluteaus minimus) hinne leit. Stuten komme altyd by twaen foar; útsûnderings dêrop binne hiel seldsum en dogge har inkeld foar by tige slimme ôfwikings, lykas by guon Siameeske twillings. De stuten lizze as inoars spegelbyld oan wjerskanten fan 'e anus. Fysiologysk binne se bedoeld om 'e skonken en fuotten te ûntlêstgjen troch sitten mooglik te meitsjen.

Yn 'e measte minsklike kultueren spylje de stuten lykwols ek in rol by seksuële oantrekking. Dêrnjonken waarden se foarhinne as in feilich plak beskôge om liifstraffen út te dielen, benammen oan ûndogenske bern, mei't der gjin gefaar op bliuwend letsel bestie. Dêrút is dan wer de seksuële fetysj spanking (Ingelsk foar in "pak foar de kont") út fuortkommen. It mei opsetsin jins stuten oan immen sjen litte, út minachting, seksuële provokaasje of foar de grap, wurdt mooning neamd (nei moon, "moanne", fanwegen de healmoannefoarm fan 'e stuten).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.