Springe nei ynhâld

Dong

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stâldong)
Hynstedong
Kowedong op 'e rûchskerne

Dong is de trochgong (ekskremint) út bisten wei en gauris mingd mei strie. It is in organyske stof en wurdt ornaris brûkt en meitsje de boaiem fruchtber. Oare foarmen binne kompost, dy't út resten fan planten bestiet, en keunstdong. Dong wurdt almeast ferspraat mei in dongstruier.

Floeibere dong wurdt dongjarre neamd en it bedongjen mei jarre hjit jarje. Dongjarre wurdt hjoed-de-dei ornaris yn de grûn ynjektearre, om't ferfluchtiging fan ammoniak te foaren te kommen en ek de geur te beheinen. Rûge dong en hinnedong wurde gauris opslein op in rûchskerne en wurde ferspraat mei in rûge dongstruier. Farske hynstedong wurdt in soad brûkt by de tylt fan sjampinjons en yn grientekassen.
Skiekundig sjoen is dong in mingsel fan wetter, mineralen en organyske stof. Wichtige eleminten binne stikstof, fosfor, kalium en magnesium. Ek komme de spoareleminten sa as izer, sink, koper, molybdeen, boar en kobalt mear of minder foar.

Wichtich is it fertarjen fan farske dong om it as dongstof te brûken. By it fertarjen fan farske dong wurdt it gehalte oan koalstof leger en it gehalte oan stikstof heger, dêr't de wearde fan de dong better troch wurdt. It fertarjen fan de dong bart ûnder ynfloed fan baktearjes, dêr't waarmte, wetter en fiedingsstoffen by frijkomme. Dat proses duorret ornaris op in rûchskernestee in jier oant it as einprodukt rûge dong wurdt. In nije ûntwikkeling is it taheakjen fan soerstof en mikro-organismen en meitsje it proses tan kompostearring flugger.
It bedongjen yn Nederlân is regele troch de dongwetjouwing, dy't oerbedonging tefoaren komme moat.

Turfstruisel mei net as dong beskôge wurde, hoewol't dat it humusgehalte fan de grûn fergrutsje kin. Earme sângrûnen kinne nei it taheakjen fan dy produkten mear focht hâlde en klaaigrûnen kinne focht earder trochlitte. De turf ferleget de pH dochs wol en dêrtroch wurdt de grûn soerder.