Springe nei ynhâld

Sprookjeswonderland

Ut Wikipedy
Sprookjeswonderland
  ferdivedaasjepark
Baron von Münchhausen (2008)
Baron von Münchhausen (2008)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Inkhuzen
plak Inkhuzen
adresKooizandweg
koördinaten52° 42' NB, 5° 17' EL
bysûnderheden
typeTemapark
temaMearkes
eignerFamylje de Vries
iepen1973
oerflak5,6 ha
attraksjes11
wetterattr.1
gebou
boujier1991
offisjele webside
Webstee Attractiepark Slagharen
kaart
Sprookjeswonderland (Noard-Hollân)
Sprookjeswonderland
Lokaasje Sprookjeswonderland

Sprookjeswonderland is in temapark yn Inkhuzen yn de provinsje Noard-Hollân. It park rjochtet him op famyljes mei lytse bern.

"Sprookjeswonderland" is yn 1973 ûntstien. Wim de Vries, oprjochter en direkteur fan it park, makke doe foar de grap in kabouterpop. Dy bliek in sukses en al gau waarden der nije poppen makke. Yn it begjin reizgen de poppen oer toeristyske merken yn de binnenstêd fan Inkhuzen.

Yn 1981 waard der flink útwreide en kamen der in kabouterdoarp, in bernebuorkerij en boarterstún by, alles yn it Wilhelminaplantsoen oan de noardeastkant fan de âlde binnenstêd. Ein jierren 80 klagen omwenners oer de drokte en it ôffal. Yn 1991 waard it echt te fol en wie der gjin plak om út te wreidzjen. It park ferhuze nei it rekreaasjegebiet "Enkhuizerzand", lizzend oan de râne fan Inkhuzen, oan de oare kant fan de seemuorre en hast daalks oan it Iselmar. Yn 1998, by it 25-jierrich bestean, iepene kastiel "Violinde". It kastiel is makke op wiere grutte. Yn 2010 kaam der in nij yntreegebou mei ûntfangstplein.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL
    Ferdivedaasjeparken yn Nederlân
    Fryslân
    Duinen Zathe · Kameleondoarp · Sânjes Safary · Sybrandy's Boarterspark
    Nederlân
    Attractiepark Slagharen · Avonturenpark Hellendoorn · Bommelwereld · BillyBird Park Drakenrijk · BillyBird Park Hemelrijk · Drouwenerzand · Drievliet · Dinoland · DippieDoe · De Waarbeek · Duinrell · Efteling · Het Land van Jan Klaassen · Julianatoren · Kabouterland · Kinderstad Heerlen · Linnaeushof · Madurodam · Mini Mundi · Neeltje Jans · Nienoard · Oud Valkeveen · Park Tivoli · Plopsa Indoor · Rijk der kabouters · Speelland · Speelpark Hoge Boekel · Sprookjeshof · Sprookjesbos Valkenburg · Sprookjeswonderland · Toverland · Walibi Holland · Wonderwereld
    Eardere ferdivedaasjeparken
    Aeolus · Archeon · Ecodrome · De Valkenier · De Vluchtheuvel · Flevohof · Het Land van Ooit · Miniatuerpark Appelskea · Miniatuur Walcheren · Speelstad Oranje · Verkeerspark Assen · Yumble
    · · Berjocht bewurkje