Splash (sylboat)
Appearance
Splash | |||
| |||
Lingte | 3,58 m | ||
Breedte | 1,34 m | ||
Djipgong | 0,72 | ||
Gewicht | 55 | ||
Bemanning | ienpersoans | ||
Seiloerflak | 7 m² | ||
Untwerp | Jac. de Ridder | ||
Jier | 1988 |
De Splash is in ienmanssylboat dy't yn Grou makke wurdt. De Splash is al jaren de grutste wedstrydklasse yn Nederlân. Al sûnt 1998 is de Splash troch de ISAF erkend as ynternasjonale ienheidsklasse. De Flash is in fergrutte útjefte fan de Splash.
Yn de wrâldwide klassenopbou foar ienmansboaten foel oant in tsiental jierren ferlyn in grut gat boppe de optimist, want foar de Laser en Europe binne de Optimist-ferlitters faak noch te licht en te ûnerfaren. Krekt foar dizze kategory silers, fan 12 - 19 jier, wie der gjin passende ferfolchboat te finen mei genôch performance.