Springe nei ynhâld

Spitstoefdo

Ut Wikipedy
spitstoefdo
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai spitstoefdowen (Ocyphaps)
G.R. Gray, 1842
soarte
Ocyphaps lophotes
Temminck, 1822
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De spitstoefdo (Ocyphaps lophotes) is in fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e dowen (Columbidae), dy't endemysk is yn Austraalje.

De soarte waard yn 1822 beskreaun troch Coenraad Jacob Temminck. It is de iennige soarte yn it skaai fan 'e spitstoefdowen (Ocyhaps), dat yn 1842 troch George Robert Gray beskreaun waard.

Spitstoefdo.

De 30 oant 34 sm lange do is goed te werkennen oan 'e opfallende, spitsfoarmige swarte toefe op 'e krún. De do is foar it measte griis mei grienblau, grien en fiolette irisearjende kleuren op 'e wjukken. De neakene hûd om it each is read mei dêrom hinne in swarte râne. By de skouders is der wat rôze en de wjukken hawwe tusken de sânkleurige fearren swarte streken oerdwers. It boppebealchje wurdt nei efter ta oliifgrieneftich en de donkere sturtfearren ha ljochte rânen. De fûgel hat in swartgrize snaffel en reade poaten. De iris fan é fûgel is giel oant read. Der is gjin ûnderskied yn 'e fearren fan mantsjes en wyfkes.

Eartiids kamen spitstoefdowen allinne yn it binnenlân en it west fan Austraalje foar, mar de fûgels wisten te profitearjen fan 'e ûntwikkeling fan it lân troch minsken en spitstoefdowen komme no hast yn hiel Austraalje foar. Se binne yn lannelike gebieten te sjen en yn stêden yn parken, op sportfjilden of by golfbanen en wenwiken mei in soad grien.

Toefdowen ite sied, beien, fruchten en dielen fan planten.

Balt fan 'e toefdo.

Spitstoefdowen briede it hiele jier troch, mar fral yn 'e waarmere moannen. Mantsjes begjinne by it naderjen fan wyfkes mei in opfallende balts; se beweegje it bealchje op en del wylst se by eltse beweging de wjukken en de sturt as in waaier iepenje en slute, dat mank giet mei in sêft toeterjen. As it wyfke it wat taliket, bliuwt se rêstich sitten as it mantsje tichterby komt oant besocht wurdt te jûtsen.

It nêst wurdt faak yn beammen of strûken fan twigen en strie boud. It lechsel bestiet út twa wite aaien, dy't yn 18 dagen tiid útbret wurde. De jonge dowen fleane nei trije wiken út en wurde dan noch in skoft byfuorre troch de âlders.

Der wurde twa ûndersoarten fan 'e toefdo erkend:

  • O. l. lophotes, de nominaatfoarm, dy't yn it suden fan Austraalje foarkomt.
  • O. l. Whitlocki, dy't yn it midden en noarden fan West-Austraalje foarkomt.

It tal toefdowen nimt ta en de status fan 'e fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN is 'net bedrige' (sitewaasje 2024).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Crested pigeon (ferzje 17 april 2024)