Spinhûs
Appearance
In spinhûs is in wurkhûs of fabrykshûs en in foarrinder fan it fabryk, wêryn in tal minsken by elkoar wiene dy't inselde of lyksoartige aktiviteit dienen, yn dit gefal spinne.
It begryp is benammen bekend yn de betsjutting fan finzenis, dêr't froulike detinearden faak ûnder jammerdearlike omstannichheden dit wurk yn twangarbeid dwaan moasten. Foar de manlju bestie bygelyks it rasphûs yn Amsterdam. Bekende spinhuzen yn neamde betsjutting binne te finen yn Amsterdam, Gouda en Swol.
Spinhuzen kamen lykwols ek bûten finzenissen foar, bygelyks op It Hearrenfean. Ek guon kleasters en abdijen hienen wol soksoarte ynrjochtingen. Yn Achel is noch soksoarte gebou bewarre bleaun.