Springe nei ynhâld

Species (filmsearje)

Ut Wikipedy
Species
betinker Dennis Feldman
eigner Metro-Goldwyn-Mayer
lân Feriene Steaten
begjinjier 1995
einjier 2007
films
langspylfilms Species
Species II
Species III
Species: The Awakening
muzyk
soundtracks Species
Species II

Species is in Amerikaanske filmsearje wêrfan't it earste diel yn 1995 makke waard op basis fan in senario fan Dennis Feldman. Yn totaal waarden der oant en mei 2007 fjouwer films yn 'e searje produsearre. De filmsearje is eigendom fan filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM) en wurdt rekkene ta de sjenres fan science fiction en horror.

De Wikipedy hat ek in side Species (film).

Yn Species wurdt, yn wat feilige laboratoariumomstannichheden achte wurde, in minsklik-bûtenierdske hybride produsearre. It wêzen, Sil (Natasha Henstridge), dat it stal fan in jonge minsklike frou hat, ûntsnapt lykwols en wurdt der ynstinktyf ta dreaun har DNA troch te jaan fia pearing mei minsklike manlju. Dat soe it begjin fan 'e ein fan 'e minskheid ynliede, mei't it bûtenierdske DNA tige dominant is en him superfluch fermannichfâldiget. In team fan tige útinoar rinnende wittenskippers en oare ekspêrs (spile troch Ben Kingsley, Michael Madsen, Alfred Molina, Forest Whitaker en Marg Helgenberger) set dêrom de efterfolging yn om Sil te fangen of te deadzjen foar't se har doel folbringe kin.

Species waard regissearre troch Roger Donaldson nei in senario fan Dennis Feldman. De film gie op 7 july 1995 yn premiêre, en brocht $113,3 miljoen op tsjin in budget fan $35 miljoen.

De Wikipedy hat ek in side Species II.

Yn Species II rekket astronaut Patrick Ross (Justin Lazard), de soan fan in Amerikaanske senator, op in misje nei Mars ynfektearre mei itselde bûtenierdske DNA dêr't earder safolle swierrichheden troch ûntstiene. Werom op 'e Ierde feroarsaket er de dea fan in hiele rige froulju troch mei harren te pearjen, wêrnei't se binnen minuten swier reitsje en Ross syn soannen te wrâld bringe. Wittenskippers Laura Baker (Marg Helgenberger) en Press Lennox (Michael Madsen) beslute in nuetere kloan fan Sil yn te setten, dy't Eve (Natasha Henstridge) hjit, om Ross op te spoaren en tsjin te kearen.

Species II waard regissearre troch Peter Medak nei in senario fan Chris Brancato. De film gie op 10 april 1998 yn premiêre, en brocht $26,8 miljoen op tsjin in budget fan $35 miljoen.

De Wikipedy hat ek in side Species III.

Yn Species III docht bliken dat net alle healbloedneikommelingen fan Patrick Ross deade binne. In ûnwierskynlike rige foarfallen liedt boppedat ta it bestean fan in dochter fan him en Eve, dy't sa goed as in folbloedbûtenierdse is. De film folget dy Sara (Sunny Mabrey), fan wa't it bestean geheim holden wurdt troch wittenskipper Bruce Abbot (Robert Knepper) en syn studint Dean (Robin Dunne). Hja wurde lykwols hjitfolge troch sawol fertsjintwurdigers fan 'e oerheid, as de healbloedbern fan Patrick Ross, dy't lije oan oan in freeslike sykte en miene dat it DNA fan Sara harren genêze kin. Species III is gjin bioskoopfilm, mar in tillefyzjefilm dy't produsearre waard yn opdracht fan it Amerikaanske tillefyzjekanaal Syfy. De film waard regissearre troch Brad Turner nei in senario fan Ben Ripley. Species III waard op 27 novimber 2004 foar it earst útstjoerd.

Species: The Awakening

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Species – The Awakening.

Species: The Awakening folget Miranda Hollander (Helena Mattsson), in frou fan wa't de âldelju by in auto-ûngemak omkommen binne doe't se noch lyts wie. Hja beskikt oer boppenatuerlike jeften, en op in dei transformearret se ta har natuerlike, bûtenierdske lichemsfoarm. Ek Species: The Awakening is in tillefyzjefilm dy't produsearre waard yn opdracht fan Syfy. De film waard regissearre troch Nick Lyon nei in senario fan Ben Ripley, en waard op 29 septimber 2007 foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Species (filmsearje)
Species (1995) • Species II (1998) • Species III (2004) • Species: The Awakening (2007)