Springe nei ynhâld

Spanderswâld

Ut Wikipedy

It Spanderswâld is in boskgebiet fan ± 213 ha, west fan de wei Bussum-Hilfertsom, besuden Bantam en de Frânske Kampheide en beëasten 's-Graveland. Yn de midden is in heidefjildsje. Rjochting de beboude kom fan Hilfertsom binne in tal plaskes.

It Spanderswâld wie oarspronklik in produksjebosk fan leaf- en nuddelhout. It gebiet falt ûnder behear fan it Goais Natoerreservaat, en is troch de Natoerbrêge Zanderij Crailoo mei de Bussumerheide ferbûn.

Neist de bosk leit it lângoed 'Spanderswâld'.