Span Award

Ut Wikipedy

De Span Award is in oarkonde fan it Frysk Ljeppers Bûn en ornearre foar frijwilligers, dy’t harren mei gâns oertsjûging en belangeleas ynspanne foar de fierljepsport. De nammejouwing is in ferwizing nei en earbetoan oan Sjoerd Span, ien fan de twa grûnlizzers fan it fierljeppen yn wedstriidferbân en ek earelid. Boppedat is de Award ek in earbetoan oan syn soan Roel Bokke Span, dy’t benammen yn de sechstiger en santiger jierren in protte sukses hie as fierljepper.

Yn 2012 waard de earste Span Award útrikt oan Ate Westerhof fan Snits . Ate is al in jiermannich ‘tiimkaptein’ by de Twakamp is en hâldt foarôfgeand by de ljepperslunsj altiten in ‘peptalk’ om in goede en sportive tiimgeast te befoarderjen. Dêrnjonken is Ate al hiel wat jierren coach by de wedstriden en helpt er yn prinsipe alle ljeppers.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: