Museum Sorgdrager
Appearance
(Trochferwiisd fan Sorgdragermuseum)
Museum Sorgdrager | ||
bouwurk | ||
Museum Sorgdrager yn Hollum | ||
lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | It Amelân | |
plak | Hollum | |
adres | Hearwei 1 | |
koördinaten | 53° 26' 18" N 5° 38' 28" E | |
offisjele webside | ||
Webside | ||
kaart | ||
Museum Sorgdrager is in kultuerhistoarysk museum yn Hollum op It Amelân. Tema is de kultuer op eilân It Amelân dat eartiids frijwat isolearre lei.
It museum bestiet út in kommandeurswente, in yn 1751 troch Pieter Cornelis Sorgdrager yn Hollum boude Sorgdragershuuske. Kommandeurs wienen kapiteins fan ûnder oare keapfardijskippen en walfiskfarders. Ien fan de keamers is ynrjochte as stylkeamer sa't dy der yn 1751 útsjoen hat. Op de boppeferdjipping is in tentoanstelling oer Amelanner folkskeunst.
Yn de museumpleats der njonken wurdt middels in eksposysje mear omtinken jûn oan de walfiskfangst en oan it ûntstean fan It Amelân. It museum is ek útgongspunt fan kuiertochten troch Hollum en der wurde teffens lêzingen hâlden.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |