Soeaaf

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Soeaaf (1846)

In soeaaf (meartal: soeaven) wie in soldaat fan in histoaryske ynfantery-ienheid. De namme fan dit soarte soldaten giet werom op de Kabylyske stam fan de Zuauas yn it distrikt Zuaua (Zuavia) yn de Algerynske provinsje Constantine. Dy krite levere al yn de tiid fan it Osmaanske Ryk hierlingen dy't ferneamd wiene om harren drystmoedigens.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan it begjin fan de Frânske ferovering fan Algerije op it Osmaanske Ryk liet Frankryk op 1 oktober 1830 in korps fan Soeaven oprjochtsje, dat ûnder befel fan generaal Bertrand Clauzel stie. De namme Soeaaf waard al gau wênst foar alle yn Noard-Afrika rekrutearre hierlingen. De soeaven droegen opfallende unifoarms dy't oan oriëntaalske drachten tinken docht.

De soeaven-ienheden bestiene ynearste allinne út Kabylyske manlju, wylst de ofsieren fan Frânske komôf wiene. Yn de slach mei Abd El-Kader die bliken dat net alle soeaven fan Noard-Afrikaanske orizjine like betrouber wiene en sûnt 1839 waarden de Soeaven allinne troch Frânsen foarme. Letter, yn 1842, waarden ynlânske Zoeaven wol opnommen yn de troch maarskalk Thomas Robert Bugeaud foarme tirailleurs.

Yn de Krimkriich (1853-1856) foelen de soeaven by de Slach oan de Alma (1854), Inkerman (1854) en Malachov (1855) op troch harren prestaasjes, dy't de basis lei foar de legindaryske namme fan de ienheden.

Sûnt it midden fan de 19e iuw ûntjoegen de soeaven har ta in ynfantery-ienheid fan it Frânske leger mei in elite-karakter. In grut part fan de tsjinstplichtige Europeanen yn it Franske Noard-Afrika waarden by de soeaven yndield, mar ek Frânsen út Frankryk sels. Nei de Earste Wrâldkriich ferdwûn de karakteristike dracht fan de soeaven en mei de ûnôfhinklikens fan Algerije waarden de lêste soeaven-ienheden yn 1963 opheven.

Soeaven by oare lannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek oare lannen brûkten bytiden soeaven-ienheden, dy't lykwols net út manlju út Noard-Afrika bestiene, mar allinne de kleurrike dracht fan de Frânske foarbylden oernamen. Sa brûkten beide kanten yn de Amerikaanske Boargeroarloch ferskillende soeaven-rezjiminten. Ek Brazylje, de Tsjerklike Steat (1861-1870) en it Osmaanske Ryk hiene ferlykbere troepen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Zuaven