Soan (liet)
'Soan' is in liet fan sjonger Adri de Boer. Yn 1998 wûn Adri de Boer mei dit liet - begelaat troch Rik Lenten op saksofoan – it lietsjesfestival Liet. De Boer skreau de muzyk sels. Neidat er efter de piano sitten gien wie, wie it nûmer nei trije minuten spyljen klear. Wat it nûmer spesjaal foar him makke wie dat er krekt heit wurden wie.
De tekst fan it liet waard skreaun troch Giny Bastiaans nei de sinleaze dea fan Meindert Tjoelker yn septimber 1997. In direkte ferwizing is der lykwols net.
"A3" de Boer wûn Liet 1998 neidat er al acht kear earder meidien hie oan dizze lietsjeswedstriid. It súkses as solist wie lykwols de nekslach foar syn band Adri en Sa.[1]
Yn 2017 waard 'Soan' kovere troch de band Mosken yn de muzykrubryk Fryslân Hjoed fan Omrop Fryslân. Yn dat programma dage Raynaud Ritsma Fryske artysten út om in nûmer út de Fryske Top 100 te koverjen.[2]
Te hearren op
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fryske stjerre jûn (DVD, 2010)
- Altyd ûnderweis, mei Fiifresom Brass en Ido Gerard Kempenaar (CD, jannewaris 2009)
- Fryske Stjerre jûn, mei Gerbrand Westveen en it Nieuw Philharmonisch Orkest (DVD, desimber 2007)
- It bêste út de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân 4 (Marista MCD 9695, CD, 2005)
- Fryske stjerrejûn (CD, 2002)
- Fryslân Muzyklân 2 (Marista MCD 5940 CD, 2001)
- Tsien jier Liet (CD, jannewaris 2000)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|