Slymbeursûntstekking
Appearance
Slymbeursûntstekking of bursitis is in ûntstekking fan in slymbeurs. Bursitis oppenearret him troch readheid, waarmte, swolling en pine op it plak fan de slymbeurs, sa as op de hakke, earmtakke, skouder of heup. Yn sa'n gefal moat de knier brûkt wurde om stiif wurden foar te kommen en better wurden te befoarderjen.
In slymbeursûntstekking kin komme troch trauma of allegeduerige oerbelêsting. Groanyske bursitis is ien fan de oandwanings yn it RSI-spektrum. In akute bursitis kin in pear dagen oant wiken, mar bytiden maonnen oanhâlde. In net-ynfeksjeuze bursitis wurdt meast fansels better mei rêst. Yn slimmere gefallen binne pinestillers en ûntstekkingsremmers as NSAID's nedich. Ek fysioterapeutyske behannelingen binne mooglik.
- Agillobursitis is in slymbeursûntstekking by de agillespees op de hakke.
- Heupkopnekroaze is in oandwaning dêr't de symptoamen fan tige lykje kinne op in slymbeursûntstekking yn de heup.